It Fryske Marreprojekt hat op it mêd fan ynfrastruktuer hiel wat berikt. Der binne akwadukten boud, farwegen binne ferdjippe en brêgen ferhege. Farre sûnder opûnthâld stiet heech yn it findel. No is it tiid om gebrûk te meitsjen fan dy ynfrastruktuer en de Fryske ekonomy te fersterkjen.

Undernimme mei Fryske Marreprojekt

It Fryske Marreprojekt ûntwikkelet, finansiert en promoatet projekten dy’t de Fryske ekonomy fersterkje. Konkreet: de wurkgelegenheid yn de Fryske wettersportsektor moat yn ’e takomst mei 30 prosint omheechgean. Dat betsjut 1200 banen ekstra neffens it referinsjepunt by de start yn 2000. Om de ekonomy te fersterkjen wol it Fryske Marreprojekt ekstra bestegings oan de Fryske wâl stimulearje troch û.o.:

  • de oantrekkingskrêft fan havens en wettersportkearnen te ferbetterjen 
  • mear passanteplakken te realisearjen yn de wettersportkearnen 
  • mear foarsjennings te ûntwikkeljen foar gesinnen, sa as strantsjes en boartersplakken 
  • wettersportkearnen ûnderling te ferbinen en it fargebiet te fergrutsjen 

“De ekonomy fan it wetter stiet foar ús sintraal”, ferklearret Jannewietske de Vries, deputearre fan de provinsje Fryslân. “It wetter biedt ús sawol útdaagjende opjeften as unike kânsen. Dêr wolle wy goed mei omgean.” Neffens Jaap Goos, programmamanager fan it Fryske Marreprojekt, biede de plannen in protte kânsen foar ûndernimmers. “Troch de oerheid is in soad ynvestearre yn it Fryske wetter. Undernimmers kinne dêrby oanslute. It is gjin iensidich proses. Ik noegje ûndernimmers fan herten út om de plannen dy’t se hawwe kenber te meitsjen en yn te spyljen op ús ynvestearringen. Sa kinst elkoar fersterkje.”

In goed foarbyld fan ûndernimmerskip is de Klassike Skippehaven yn Terherne. GPTV makke dêr in film fan.

Side printsje