Plannen sterke takomst
Om de folle potinsje fan in wettersportgebiet te benutten, is de Masterplan-formule betocht. In masterplan is maatwurk. In gemeentlik plan wêrby’t yn ’e tarieding in protte klam leit op it oerlizzen mei en entûsjast meitsjen fan it bedriuwslibben en de ynwenners. Draachflak is essinsjeel. By de ûntwikkeling fan in masterplan is de identiteit fan de gemeente it útgongspunt. It histoaryske karakter fan de gemeente en it lânskip wurde dêr ek yn meinommen. Der wurdt dan ek sjoen nei de sterke en swakke punten op wettersportgebiet. Tagelyk wurde yndividuele inisjativen (ek fan bedriuwen en ferienigings) op in rychje set, mei as doel it ûntwikkeljen fan in yntegrearre plan foar de trije spearpunten fan belied: oantrekkingskrêft ferbetterje, tagonklikheid en ynkomsten. Dêr brûkt it Fryske Marreprojekt ‘Bouwstenen’ foar. Dat binne de hantrikkings en oandachtspunten foar de gemeente, rjochte op it realisearjen fan it resultaat dat hja berikke wolle. Lykas ‘Hâld wetterkanten iepenbier’ en ‘Borduerje troch op de histoarje fan it plak’, mar ek ‘Pas ynteraktive planfoarming ta’. Alle ynformaasje dy’t sammele wurdt, wurdt mei help fan de boustiennen omsmeid ta in fisy. Ut dy fisy wei wurdt it masterplan skreaun.
- Klik hier voor masterplan Heeg >>
- Klik hier voor masterplan Woudsend >>
- Klik hier voor masterplan IJlst >>


