It Fryske Marreprojekt hâldt jo graach op ’e hichte fan aktuele ûntwikkelings op, yn en om de Fryske wetters hinne. Meld jo oan foar de digitale nijsbrief of abonnearje jo op ús RSS-feed en jo krije it lêste nijs automatysk tastjoerd. Jo kinne ús ek folgje op Twitter (www.twitter.com/friesemeren).

De miening fan…

It Fryske Marreprojekt is in gearwurkingsferbân fan Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân, Rekreaasjeskip De Marrekrite en brânsje- en natuerorganisaasjes ûnder regy fan de provinsje Fryslân.

Jack van den Berg‘It Fryske Marreprojekt hat ús holpen om ús produkt te ferbetterjen’
Jack van den Berg, direkteur Rekreaasjeskip De Marrekrite

“In belangrike taak fan De Marrekrite is om te soaaorgjen foar genôch oanlisplakken yn de Fryske bûtengebieten. De gearwurking mei it Fryske Marreprojekt hat net allinnich soarge foar mear oanlisfoarsjennings, mar ek foar in duorsumer kwaliteitsslach. Dêrtroch hawwe wy ús produkt o sa ferbetterje kinnen. ”

Tom Bleckman‘Wy sjogge meielkoar nei de takomst’
Tom Bleckman, eigener camping It Wiid yn Earnewâld

“Ik fyn it belangryk om op natuer rjochte rekreaasje noch mear te stimulearjen. Us ferbetterings binne derop rjochte om de oergong tusken it Nasjonaal Park en de camping ‘natuerlik en duorsumer te meitsjen’. Wy sjogge nei de takomst, want de toerist fan no is net deselde as de toerist fan moarn. Dat it Fryske Marreprojekt en de oare partners dêr aktyf en kreatyf yn meitinke fyn ik super.”

Jannewietske de Vries

‘De Fryske marren binne goud wurdich’
Jannewietske de Vries, deputearre provinsje Fryslân

“Krekt yn dizze ekonomysk drege tiden is it fan belang om troch te gean mei te ynvestearjen yn ús grutste besit: it wetter. De Fryske marren binne goud wurdich. It wetter biedt ús sawol útdaagjende opjeften as unike kânsen. Dêr wolle wy sekuer mei omgean. De ekonomy fan it wetter stiet foar ús sintraal, mar dat giet by ús en it Fryske Marreprojekt mank mei duorsumens en natuerbehâld.”

Side printsje