Ynsammeljen smoarch wetter
Wat is moaier as ûnder it farren of silen oer de Fryske wetters te genietsjen fan de omkriten en it nimmen fan in frisse dûk op in waarme simmerske dei? Om dat ek yn de takomst sûnder soargen dwaan te kinnen, moatte wy der meielkoar foar soargje dat ús oerflaktewetter skjin bliuwt. As wettersporter kinne jo sels bydrage oan in bettere wetterkwaliteit. Gewoan troch it húskewetter oan board op te slaan en ôf te leverjen by spesjale ynsammelpunten. Sûnt 1 jannewaris 2009 mei it húskewetter fan plezierboaten net mear loasd wurde. Sjoch foar mear ynformaasje op de website www.vuilwater.info. Mei de doelrjochte kampanje ‘Stop Lozing Afvalwater’ yn ’e mande mei it Wetterskip, De Marrekrite en it Wettersportferbûn sil it publyk foarljochte wurde oer de mooglikheden en effekten fan it ynsammeljen fan smoarch wetter.
Nij smoarchwettersysteem
De provinsje Fryslân hat mei in romme subsydzje bydroegen ta it fierder ûntwikkeljen fan in nij smoarchwettersysteem. It is in full service oplossing om persoanlik smoarch wetter fan elk ôfsûnderlik lisplak op te fangen en ôf te fieren nei it rioel. Op ferskillende plakken binne (en wurde) al duorsume en ynnovative smoarchwettersystemen ynstallearre. Sa’t it him oansjen lit binne ynkoarten de passanteplakken oan de Houkesleat en de Hegemer Wâl oan bar.
Side printsje

