It Fryske Marreprojekt wol de Fryske ekonomy fersterkje. Dat giet lykop mei it fersterkjen fan de kwaliteit fan natuer en lânskip. By alles wat it Fryske Marreprojekt docht is duorsum wurkjen in wichtige betingst.

De Wetterwegenavigator

Nijsgjirrichheden oer jo fargebiet of farbestimming kinne jo yn ’e takomst gewoan opfreegje fia de telefoan of laptop. Wy neame dat projekt ‘Wetterwegenavigator’. De navigator jout net allinnich ynformaasje oer wetterstannen, fardjipten en slûstiden, mar ek ynteressante ynformaasje oer de natuer dy’t jo op jo rûte tsjinkomme, eveneminten oan ’e wâl, aardige restaurants en de iepeningstiden fan de pleatslike supermerk.

It projekt Wetterwegenavigator wol nije technology ynsette om de Iems Dollard Regio (dêr’t de Fryske marren ûnder falle) noch oantrekliker te meitsjen foar wettersporters. It projekt makket diel út fan in gearwurkingsprojekt tusken Nederlân en Dútslân dat Netzwerk Toekomst hyt. Dêryn wurkje de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte gear mei harren Noard-Dútske kollega’s. It Fryske Marreprojekt is as wettersportsaakkundige nau behelle by it ûntwikkeljen fan de Wetterwegenavigator. Op dit stuit sit it projekt noch yn ’e ûntwikkelingsfaze.

Fan ’t simmer sil de Wetterwegenavigator yn in pilot fierder test wurde.

Fierder wurdt der noch wurke oan it ûntwikkeljen fan in wettersportpas: in servicepas mei foardielen foar de wettersporter en tagong ta tsjinsten en ynformaasje.

Op de website www.netzwerktoekomst.org is mear ynformaasje te finen oer it projekt Wetterwegenavigator.

Side printsje

Samenwerkingsproject

Meer informatie over samenwerkingsproject Netzwerk Toekomst