Elektrysk farren
Nearne oars yn Nederlân is de konsintraasje fan wettersport sa grut as yn Fryslân. Dêrom wurkje it Fryske Marreprojekt en de provinsje gear mei de Stifting Elektrysk Farre Fryslân (SEFF), it bedriuwslibben, kennisynstituten en oare oerheden om duorsum wettertoerisme - en dêrmei de wurkgelegenheid - te stimulearjen. Neist spesjale rûtes foar skippen dy’t elektrysk oandreaun wurde, wurdt wurke oan noarmearring fan oandriuwsystemen en sertifisearring fan bedriuwen. Fryslân kin foar ús lân in foarlûkersrol hawwe. De kennis en ûnderfining dy’t hjir opdien wurdt, kin ek ynset wurde foar bygelyks it elektrysk riden. Fryslân wurdt skjinner en stiller. De oerweldigjende ûnderfining mei elektrysk farren troch de prachtige Fryske natuer is gjin utopy. By hiel wat farwegen lâns binne oplaadpunten mei griene stroom (16 ampêre) te finen. Klik op de kaart om te sjen wêr’t de oplaadpunten binne. Foar de grutte (ferhier)krusers biedt Snits as earste plak yn Noardwest-Europa oplaadpunten mei krêftstroom.
Subsydzje elektrysk farren
De ôfrûne perioade hawwe al sa’n 100 bedriuwen en partikulieren gebrûk makke fan de subsydzjeregeling foar it ynbouwen fan in elektryske motor. Dêr sieten in soad boateferhierders tusken. Om it brûken fan elektryske en hybride oandriuwings breed tagonklik te meitsjen, kinne wettersporters oant en mei 13 augustus 2011 gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling. Yn it ramt fan dy regeling jout de provinsje in temjittekomming yn de kosten foar elkenien dy’t in elektryske oandriuwing yn syn nije boat ynstallearret. Dêrneist wurde subsydzjes jûn by it ferfangen fan ferbrâningsmotors yn skippen troch in elektryske oandriuwing. Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling foar it stimulearjen fan elektrysk farren fine jo op www.fryslan.nl/schoonvaren.
Side printsje

