Ekology en ekonomy
Hoe stimst ekologyske en ekonomyske belangen opinoar ôf? Dêr is de kommende jierren hiel wat omtinken foar. Yn in saneamde eko-effektmjitting binne de effekten op ekonomy en natuer yn byld brocht.
Ekonomyske effekten
In wichtich doel is it fersterkjen fan de Fryske ekonomy. Mear wurk en mear omset troch in goede ynfrastruktuer en mear bestegings. De belangrykste ferwachtings:
- de bestegings fan wettersporters geane omheech fan 34 nei 37 miljoen euro
- strukturele groei fan 600 à 1165 banen
- kostebesparring fan 2,5 miljoen euro yn ’t jier foar it bedriuwslibben, troch bettere ferkearsstreamen
- alle jierren giet de wearde fan huzen omheech fan 5 nei 7,5 miljoen euro, troch in bettere berikberheid
Effekten op de natuer
De Fryske marren foarmje net allinnich in attraktyf wettersportgebiet, mar binne yn gâns gefallen ek in unyk leefgebiet foar bysûndere plante- en bistesoarten. Dêrom binne alle maatregels fan it Fryske Marreprojekt toetst op de effekten foar natuer en miljeu. Dêr docht út bliken dat de measte maatregels gjin neidielich effekt hawwe. Mar soms binne gebieten sa kwetsber dat alternative plannen nedich binne om it resultaat dat foar eagen stiet berikke te kinnen. Foar sokke ekstra ynvestearrings yn natuerkwaliteit lûkt it Fryske Marreprojekt 10 à 20 miljoen euro út.
Side printsje

