It Fryske Marreprojekt wol de Fryske ekonomy fersterkje. Dat giet lykop mei it fersterkjen fan de kwaliteit fan natuer en lânskip. By alles wat it Fryske Marreprojekt docht is duorsum wurkjen in wichtige betingst.

Duorsum

Duorsum tinken en hanneljen is in ûnderdiel fan de oanpak fan it Fryske Marreprojekt, sawol wat it brûken fan materialen as wat de hantearre wurkmetoaden oangiet. In foarbyld dêrfan is it op ’en nij brûken fan 50% fan de baggerspeesje. Oare foarbylden binne it ynvestearjen yn in smoarchwettersysteem foar it tsjingean fan loazings fan smoarch wetter op it oerflaktewetter en it ynvestearjen yn elektrysk farren. Ek by it ûntwikkeljen fan plannen foar wettersportkearnen en tagongspoarten sjogge wy kritysk nei de wurkmetoaden. Mei de ‘23 bouwstenen’ tinke wy mei de gemeenten mei oer in tagonklike en duorsume wettersportkearn of tagongspoarte. In tal fan dy boustiennen geane oer duorsumerns. Twa foarbylden:

Stimulearje de produksje en it brûken fan duorsume enerzjy

Reservearje romte foar it opwekken fan duorsume enerzjy. Lis lokale ferbinings tusken leveransiers en brûkers: restwaarmte fan bygelyks in pleatslik fabryk kin op in lokaasje dêrneist skoan brûkt wurde. Reservearje romte foar oplaad- en folpunten foar duorsume brânstoffen, dêrûnder elektrisiteit en biobrânstoffen.

Foarkom skea oan it leefmiljeu

Untwerp neffens in duorsum prinsipe (lykas bygelyks Cradle-to-cradle™). Foarkom skealike tafoegings oan it leefmiljeu en helje der ek neat út dêr’t it leefmiljeu skea fan hat. Behein it brûken fan materialen en brûk materialen dy’t recycled wurde kinne of restmaterialen.

Side printsje

Vuilwaterstations

Een overzicht van de Friese plaatsen waar vuilwater geloosd kan worden

Subsidies elektrisch varen

Bekijk de mogelijkheden