Tagonklikheid
De tagonklikheid fan Fryslân oer dyk en wetter is fan tige grut belang. Mar in goede tagongspoarte is foar in wettersportgebiet mar in diel fan it ferhaal. It Fryske Marreprojekt sjocht dêrom fierder as allinnich de ynfrastruktuer en inisjearret yn oparbeidzjen mei gemeenten projekten om de toeristyske kwaliteit fan wettersportkearnen te ferbetterjen.
Masterplan
Ynfrastruktuer is gjin doel op himsels. By de twadde faze fan it Fryske Marreprojekt giet it om mear as allinnich ‘grinsleas farre’. Dy faze rjochtet him foaral op it fersulverjen fan de ynvestearringen dy’t dien binne (mear bestegingen oan ’e wâl), ynnovaasje, natuer en duorsumheid. Yn gearwurking mei de oanbelangjende gemeenten stelt de provinsje - foar elke gemeente - in Masterplan op foar de foarnaamste wettersportkearnen en tagongspoarten. It doel is ferbetteringen oan te bringen yn de wetterfronten fan doarpen en stêden en foarsjenningen te modernisearjen, sa as oanlisplakken, smoarchwetter- en brânstofpunten, en ek it oanlizzen en ferbetterjen fan sanitêre foarsjenningen. Dy masterplannen wurde makke om detailplannen fan gemeenten yn gearhing mei elkoar út te fieren.
Side printsje

