Yn Fryslân hat wetter altyd in foarname motor foar ekonomyske ûntwikkelingen west. Dêrom wurket it Fryske Marreprojekt oan gruttere en moaiere fargebieten. Troch û.o. de oanlis fan akwadukten en hegere brêgen binne de belangrykste fargebieten no it hiele jier troch meielkoar ferbûn.

Projekten

Kearntaak fan it Fryske Marreprojekt is in oantreklik, tagonklik en goed befarber wettersportgebiet. Dêryn is al in soad wurk ferset. Op ’e wâl hat it Fryske Marreprojekt ek in protte dingen ta stân brocht. Fersterke wâlkanten, mear fyts- en kuierpaden, trochfeartferbettering fan brêgen en sluzen en de oanlis fan akwadukten. It Fryske Marreprojekt bestiet út twa fazen. De earste faze is ôfrûne. De twadde faze is begûn en duorret oant 2015.

Klik hjirûnder op de tiidsline en besjoch hokker projekten oft klear binne. Besjoch ek hokker projekten oft yn útfiering binne en hokker oft noch útfierd wurde sille.

Side printsje