Yn Fryslân hat wetter altyd in foarname motor foar ekonomyske ûntwikkelingen west. Dêrom wurket it Fryske Marreprojekt oan gruttere en moaiere fargebieten. Troch û.o. de oanlis fan akwadukten en hegere brêgen binne de belangrykste fargebieten no it hiele jier troch meielkoar ferbûn.

Nije farrûtes

Der binne al in soad oanien sletten farrûtes realisearre, wylst in stikmannich – mei dêrûnder de Noardlike Alvestêdefarrûte – noch yn ûntwikkeling binne.

Middelseerûte yn ’e eardere steat werombrocht

MiddelseerûteDe histoaryske Middelseerûte, ûnderdiel fan de Alvestêdetochtrûte, wie lang lyn al in wichtige farferbining tusken Ljouwert en Snits. No is dy rûte foar motorboaten en sylboaten mei in goed te striken mêst in poerbêst alternatyf foar it drokke Prinses Margrietkanaal. Farwegen binne ferdjippe, brêgen ferhege en nije oanlisplakken realisearre. Dêrmei is it in prima farrûte wurden dy’t geregeld ôfwiksele wurde kin mei aktiviteiten op ’e wâl. De rûte kronkelet lâns it âlde kweldergebiet fan de eardere Middelsee en is tagonklik foar boaten mei in maksimale krûphichte fan 2.40 m (ôfhinklik fan it wetterpeil) en in djipgong fan 1.30 m. Utstapkes nei Frjentsjer en Boalsert binne op dizze rûte ek mooglik. Oer inkele jierren is de Middelseerûte fan Ljouwert oan Snits ta ek mei de fyts ôf te lizzen.

Midden yn de natuer tusken Lits en Lauwers

Lits Lauwers RouteGenietsje fan dizze ôfwikseljende fartocht troch in autentyk stikje Fryslân. Far ûnbehindere lâns leaflike doarpkes, nije passanteplakken en ynteressante bysûnderheden. De prachtige Lits-Lauwersmarrûte is troch it oanpassen fan de brêgehichten geskikt foar gruttere motorskippen mei in krûphichte oant sawat 2.90 m (djipgong oant 1.50 m). Dizze moaie farrûte ferbynt de Fryske marren en de Lauwersmar mei de plakken Drachten en Dokkum, en biedt mooglikheden yn oerfloed om tusken it farren troch foet oan wâl te setten. It gebiet mei syn rike histoarje en kenmerkjende lânskippen is poergeskikt foar moaie kuiers en lange fytstochten. Mei it each dêrop hat it Fryske Marreprojekt yn dit gebiet ek soarge foar nije fyts- en kuierpaden.

Akwadukterûte: frij baan foar dyk en wetter

AquaductenrouteYn it súdwestlik marregebiet fan Fryslân soargje mar leafst fiif nije akwadukten foar iepen farferbiningen tusken de meast populêre wettersportgebieten yn dat part fan de provinsje. By Galamadammen is in obstakel foar de wettersport opromme: de ûnnoflike brêge mei syn lestige wynfallen is ferfongen troch it Galamadammen-akwadukt, dat no soarget foar in ûnbehindere trochgong fan it ferkear oer lân en wetter. Wâldsein wie ek faak in lestich plak om te passearjen. Dêr hawwe it Ie-akwadukt en in nije rûnwei in ein makke oan de hinderlike ferkearssituaasje by de brêge midden yn it doarp. Flak by De Hommerts-Jutryp ferfangt it Jeltesleat-akwadukt de brêge mei deselde namme, earder bekend as de drokste brêge fan Fryslân, mei 70.000 boatpassaazjes yn it jier. By Snits binne twa nije akwadukten boud: it akwadukt Houkesleat soarget foar in iepen farferbining tusken de Snitser Mar en de binnenstêd. It Geau-akwadukt ferfangt de brêge yn de súdlike rûnwei, in belangryk ferkearsknooppunt nei de drokke Rykswei A7. Dy nije akwadukten meitsje Snits better berikber foar ferkear oer wei en wetter en binne foaral feiliger as alternatyf foar de rûte oer it drokke Prinses Margrietkanaal.

Steandemêstrûte: de skientme fan Midden-Fryslân

Staandemastroute FrieslandIt is no foar skippen mei in steande mêst mooglik om fia Dokkum om Ljouwert hinne nei Terherne te farren. Wettersporters fine dêr in prachtige fartrip, sintraal yn Fryslân. Fan it Ljouwerter Van Harinxmakanaal ôf kin men yn súdlike rjochting oer it akwadukt Langdiel nei Wergea farre. Lâns it doarp troch de wide greiden rjochting it suden, nei Domwier en Grou. It wetterfront Grou sjocht der gesellich út mei de kuierpromenade, passanteplakken en Het Theehuis. Grou foarby liedt de rûte nei in oar wettersportdoarp by útstek: Akkrum. Skippen mei in steande mêst kinne dus ek om Ljouwert hinne farre en de Steandemêstrûte yn noardlike rjochting fuortsette. Lâns de Prinsetún nei Dokkum fia de Dokkumer Ie, in wolbekend stik fan de Alvestêdetocht.

Farre troch bosk, greide en heide

Turfroute FrieslandIt oare Fryslân, mei bosken, feankoloanjes en heidefjilden. Dat is it súdeastlike part fan de provinsje. Fan de Tsjûkemar ôf, en út Wolvegea en It Hearrenfean wei rint de Turfrûte troch in prachtich lânskip fol ferskaat nei West-Drinte en de kop fan Oerisel. Dêrby komme wettersporters troch de Linthorst Homanslús en de dêr tichtby lizzende Driewegslús. Foar in flotte trochfeart wurdt de Linthorst Homanslús yn it heechseizoen ek tusken de middei betsjinne. De rûte biedt folop gelegenheid om oan te lizzen foar in kuier, fytstocht, of in oernachting. Yn Nijetrine is in nije passantehaven mei sanitêre foarsjenningen, in smoarchwetterynnimstasjon, kampearmooglikheid en in restaurant.

Farren wurdt in famylje-útsje

WoudaaprouteDe Woudaaprûte lit it hiele gesin genietsje fan it Fryske marregebiet. De rûte is tagonklik foar sawol motor- as sylboaten. Yn it wetterrike hert fan de Woudaaprûte leit it doarp Terherne. Dêr komt de wrâld fan de bekende twilling Hielke en Sietse Klinkhamer en harren romrofte boat, de Kameleon, ta libben. De sfear fan de fyftiger en sechstiger jierren en de figuraasje fan bekende persoanen út de boeken fan Hotze de Roos meitsje fan Terherne in libbensecht Kameleondoarp. Oare plakken om oan wâl te stappen binne Langwar, Wâldsein, Heech, Drylts en Snits. Dizze plezierige farrûte is in spannende ûntdekkingsreis foar it hiele gesin. It Fryske Marreprojekt hat soarge foar geryflike oanlismooglikheden en in goede tagonklikheid fan de doarpen lâns de rûte.

Side printsje

Ontdek Fryslân!

Kies één van de zes prachtige vaarroutes.

Lits Lauwersmeerroute in beeld