Yn Fryslân hat wetter altyd in foarname motor foar ekonomyske ûntwikkelingen west. Dêrom wurket it Fryske Marreprojekt oan gruttere en moaiere fargebieten. Troch û.o. de oanlis fan akwadukten en hegere brêgen binne de belangrykste fargebieten no it hiele jier troch meielkoar ferbûn.

Brêgen en sluzen

Op krúspunten fan wetter en diken ûntsteane knyppunten. It Fryske Marreprojekt pakt dy serieus oan. Wyls binne op meardere plakken de brêgen ferfongen troch akwadukten, dy’t no soargje foar in ûnbehindere ferkearsstream. Gjin lange wachttiden mear. Dat is noflik foar de wettersporter en foar it weiferkear. Akwadukten

Johan Frisoslús Starum

De Johan Frisoslús by Starum is foar de rekreaasjefeart de foarnaamste trochgong nei de Fryske marren. De slús ferbynt it Johan Frisokanaal mei de Iselmar. De hjoeddeistige kapasiteit is te lyts en dêrtroch ûntsteane der yn de drokke simmermoannen hektyske tastannen en lange wachttiden. Boppedat leit de slús by súdwestlike wyn oan de lege wâl, wat by in stevige wyn oerlêst en ûnfeilige situaasjes as gefolch hawwe kin. Mar by de ferbetteringen wurdt net allinnich sjoen nei funksjonele eleminten. It ynpassen fan de slús yn in omjouwing mei mear alluere heart ek by de útfiering fan dit projekt. By de oanlis wurdt tagelyk rekken holden mei takomstige stigingen fan it wetterpeil. Nei ferwachting is de slús yn 2013 klear.

Driewegslús en Linthorst Homanslús

Yn de simmermoannen binne de pauzes yn de betsjinning by de Linthorst Homanslús en de Driewegslús opheft. De omjouwing is populêr as oanlisplak by farrekreanten. Dy kinne no ek oernachtsje yn de nije passantehaven. De haven hat no romte foar sa’n 30 boaten, nije sanitêre foarsjenningen, in smoarchwetterynnimstasjon en kampearmooglikheden. Farre tusken Fryslân en Oerisel is dêrmei nóch oantrekliker wurden.

Lekker trochfarre

Grinsleas farre yn Fryslân betsjut iepen ferbiningen fan en nei de populêre wettersportgebieten, ûntsluting fan nije farrûtes en in bettere - en foaral feilige - ferkearsstream oer it wetter. Under mear troch de bou fan akwadukten, it ferdjipjen fan fearten en kanalen, en it ferheegjen fan de brêgen. Mar ek troch it ferfallen fan pauzes yn de brêgebetsjinningstiden. De Provinsje Fryslân is mei ferskate gemeenten drok oan ’e gong om dat foarelkoar te krijen. Mar noch net alle brêgen en sluzen yn Fryslân binne safier. Yn dat gefal jilde noch hieltyd de fêste pauzes: tusken 12.00 en 13.00 oere en tusken 16.15 en 17.15 oere. Yn de takomst sille dy ferdwine.

Side printsje