Yn Fryslân hat wetter altyd in foarname motor foar ekonomyske ûntwikkelingen west. Dêrom wurket it Fryske Marreprojekt oan gruttere en moaiere fargebieten. Troch û.o. de oanlis fan akwadukten en hegere brêgen binne de belangrykste fargebieten no it hiele jier troch meielkoar ferbûn.

Akwadukten

Farre troch it súdwestlik part fan de Fryske marren is noch oantrekliker wurden. De bou fan fiif akwadukten jout de wettersporter rom baan: net mear hieltyd wachtsje foar brêgen, mar lekker trochfarre.

Galamadammen-akwadukt

It Galamadammen-akwadukt, ein 2007 yn gebrûk nommen, soarget derfoar dat it farferkear yn it Johan Frisokanaal en it weiferkear op de provinsjale wei N359 (tusken Boalsert en Balk) elkoar net mear yn ’e wei sitte. Fardjipte: 3.50 meter

Houkesloot aquaductAkwadukt Houkesleat

It akwadukt Houkesleat makket sûnt 2003 diel út fan de Stedsrûnwei-East fan Snits. It ferminderet de druk op de Snitser binnenstêd en is in ferbettering foar de rekreaasjefeart. Fardjipte: 3.50 meter

Jeltesleat aquaductJeltesleat-akwadukt

It Jeltesleat-akwadukt flak by De Hommerts – Jutryp ferfangt sûnt ein 2007 de Jeltesleatbrêge, de drokste brêge fan Fryslân. Fardjipte: 3.50 meter

 


Geau-akwadukt

Sûnt 2008 is it Geau-akwadukt in foarnaam ûnderdiel fan de drokke Rykswei A7 by Snits. It makket de stêd better berikber en jout wettersporters in alternative rûte foar it Prinses Margrietkanaal. Fardjipte: 2.25 meter

Ie-akwadukt

It Ie-akwadukt is yn 2007 iepene en makke in ein oan de krappe en ûnfeilige situaasjes foar wettersporters by de brêge midden yn Wâldsein. Fardjipte: 2.00 meter

Akwadukt N31

De N31 (fan Surch fia Harns en Ljouwert nei Drachten) wurdt oer in lingte fan hast twa kilometer ferdjippe oanlein. In ûnderdiel dêrfan is in akwadukt yn it Van Harinxmakanaal. De besteande op- en ôfritten yn Harns wurde gearfoege ta ien sintrale oansluting, de saneamde ‘Haarlemmermeer-oplossing’, dy’t op ’e hichte fan it gebiet Spaansen / Perseverantia komt.

Wannear klear: 2017.

aquaduct burgumAkwadukt De Sintrale As

As ûnderdiel fan De Sintrale As wurdt west fan Burgum in akwadukt oanlein. Dêrtroch giet De Sintrale As as ferdjippe akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal troch. Troch de komst fan it akwadukt wurdt it feiliger en oersichtliker foar weiferkear en skipfeart.

Wannear klear: 2015

haak om leeuwardenAkwadukt Heak om Ljouwert

Binnen it projekt ‘De Heak om Ljouwert’ wurdt in akwadukt boud ta ferfanging fan de Drachtsterbrêge oer it Van Harinxmakanaal. It autoferkear rydt ûnder it akwadukt troch en komt dan foar it Drachtsterplein wer út, by de iennige ferkearsljochten dy’t oerbliuwe. It fytsferkear giet apart fan it autoferkear troch ien fan de fjouwer fytstunnels.

Wannear klear: 2015

Side printsje