Wat is it Fryske Marreprojekt?
It Fryske Marreprojekt wol Fryslân as wettersportgebiet noch oantrekliker meitsje. En dêrmei de Fryske ekonomy ek stimulearje. It projekt is yn 2000 úteinset en rint ôf yn 2015. De totale projektkosten binne begrutte op 495 miljoen euro. Fan dat bedrach is op dit stuit 235 miljoen bestege en finansierd.
Wat wol it Fryske Marreprojekt?
It Fryske Marreprojekt wol ûnder mear de wurkgelegenheid yn de Fryske wettersportbrânsje ferbetterje. It stribjen is 30% mear wurkgelegenheid neffens de peildatum yn 2000. Tagelyk wol it Fryske Marreprojekt de leefberheid en it fêstigingsklimaat yn Fryslân ferbetterje, ûnder mear troch in bettere trochstreaming fan it autoferkear en koartere wachttiden foar brêgen en slûzen. Uteraard is in sintrale rol weilein foar natuer en miljeu, ek mei it each op de rekreative betsjutting fan Fryslân. Koartsein, it projekt is goed foar elkenien: oftst no yn Fryslân wennest, op besite bist of fakânsje fierst.
Side printsje

