Wat is al ferbettere?
Sûnt de start fan it Fryske Marreprojekt is de wurkgelegenheid yn de Fryske wettersport groeid mei 22,7% (sifers 2009). Yn banen útdrukt binne dat 844 strukturele banen (fulltime en parttime). Dêrneist hat it projekt de wettersporter al gâns oplevere: nije farrûtes, nije fargebieten, nije akwadukten, nije oanlisfoarsjennings, brêgen, slûzen en havens. Boppedat minder wachttiden foar brêgen en slûzen. It Fryske Marreprojekt hat der ek ta bydroegen dat in protte lytse toeristyske doarpen minder lêst hawwe fan autoferkear troch it oanlizzen fan rûnwegen en akwadukten. De automobilist yn Fryslân profitearret fan in bettere trochstreaming fan it ferkear tanksij de hegere brêgen en de akwadukten. En it seit himsels dat de bettere berikberens fan de wettersportdoarpen net yn it lêste plak foar de ynwenners sels in grutte ferbettering is.
Wat is der berikt?
- 1.600 oanlisplakken binne realisearre
- 36 nije, hegere of beweechber makke brêgen
- 5 nije akwadukten
- 462 km farrûte is baggere
- 164 km farrûte is ferdjippe
- sa is 146 km ekstra farwei foar “grutte” boaten ûntstien
- 6 wettersportkearnen en 15 jachthavens binne oanlein of ferbettere
- 31 km nije fyts- en kuierpaden
Totale ynvestearring: € 235 miljoen.
Side printsje

