It Fryske Marreprojekt is in gearwurkingsferbân fan Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân, Rekreaasjeskip De Marrekrite en brânsje- en natuerorganisaasjes ûnder regy fan de provinsje Fryslân.

Kosten en Planning

Foar it ferfolch fan it Fryske Marreprojekt is yn 2010 in nije begrutting makke. Om it projekt ôf te rûnjen is noch € 210 miljoen nedich. De provinsje nimt dêr sawat in treddepart fan foar syn rekken. Oare finansieringsboarnen binne socht by ûnder mear it Fonds Economische Structuurversterking fan it ryk, Europeeske fûnsen, dielnimmende gemeenten en oare partijen.

De ferfolchplannen fan it Fryske Marreprojekt hawwe positive effekten op de Fryske ekonomy. Mar it Fryske Marreprojekt wol ek ynvestearje yn natuer en lânskip. Ut in stúdzje docht bliken dat guon projekten neidielige effekten hawwe kinne soene op natuerwearden. Op in protte lokaasjes soene fersêftsjende maatregels helpe kinne (mitigaasje), yn guon gefallen moat foar wat oars keazen wurde om kwetsbere soarten te beskermjen. It Fryske Marreprojekt wol yn dy gefallen ekstra ynvestearje yn natuerkwaliteit. Bygelyks troch rêstgebieten foar wetterfûgels te garandearjen en te soargjen foar in goede gearhing tusken de natuergebieten yn it Fryske marregebiet. Foar dat lêste is it nedich dat der ferbiningssônes oanlein wurde: 'griene diken', sadat bisten har dêrlâns ek yn ’e takomst frij bewege kinne sille. Krekt as de wettersporter. De kosten fan al dy maatregels bedrage 10 à 20 miljoen euro op in totaal begrutte ynvestearring yn it Fryske Marreprojekt fan 495 miljoen euro.

Side printsje