De Fryske marren yn sifers
- De hiele Fryske boezem is 15.000 ha grut. Dat binne de Fryske marren ynklusyf alle ferbiningskanalen en oanslutende sydfearten en lytse fearten.
- De Fryske marren sels binne 9300 ha grut (om te fergelykjen: in fuotbalfjild is 1 hektare)
- It Fryske marregebiet telt sa’n 35 marren. De meast bekende op in rychje: Hegemer Mar, De Fluezen, De Holken, Moarre, Sleattemer Mar, Grutte Brekken, De Kûfurd, Langwarder Wielen, Wite Brekken, Swarte Brekken en Aldhôf, Tsjûkemar, Snitser Mar, Goaiïngarypster Puollen, Terkaplester Puollen, Idzegeaster Poel, Grutte Gaastmar, Sânmar, Ringwiel, Flakke Brekken, Aldegeaster Brekken, Jiskenhúster Mar, Terhernster Puollen, De Hoarne, Brandemar, Nannewiid, Burgumer Mar, De Leien, Grutte Wielen, Lauwersmar, Pikmar en Eeltsjemar.
- Tusken al dat wetter lizze twa Nasjonale Lânskippen (Súdwest-Fryslân en de Noardlike Fryske Wâlden) en fjouwer Nasjonale Parken (Lauwersmar, Skiermûntseach, it Drents-Friese Wold en de Alde Feanen)
- Sûnt 2009 is de provinsje Fryslân eigener fan de marren. De Fryske marren wiene yn eigendom fan it Rijks Vastgoed- en ontwikkelingsbedrijf (RVOB) fan it Ministearje fan Finânsjes.
- Fryslân is in favorite en wurdearre bestimming foar boatfakânsjes en wetterrekreaasje. Yn Het Nationale Watersport Onderzoek (inisjatyf fan Eileen) wurdt de foarkar foar Fryslân as wettersportbestimming befêstige. Fryslân is sa dúdlik as wat favoryt, foaral fanwege de natuer, de rêst en de freonlike befolking. De Fryske wettersportplakken krije in 7,8.
- Yn it Fryske marregebiet steane 219 jachthavens registrearre [boarne: Toerisme in cijfers 2010]
- Fan de wettersporters mei in eigen kajútjacht die yn 2009 35% Fryslân oan foar in boatfakânsje


